Unieke Friese editie: De simmerske Fanfare fan 1958

Titel: De simmerske Fanfare fan 1958
Ondertitel: Fanfare, in filmklassiker fan Bert Haanstra
Auteur: Ronald van de Vate
ISBN: 9789083362847
Verschenen: juni 2024
Uitgever: Nabij Producties Nijkerk
Uitvoering: 104 pagina’s, gebonden
Prijs: € 20,00

De simmerske fanfare fan 1958 nimt jo mei werom nei Bert Haanstra’s filmklassiker Fanfare, dy’t mei 2,6 miljoen besikers noch altyd de op ien nei meast besochte Nederlânske spylfilm fan alle tiden is. Hoe ûntstie it idee foar de film,

wa wie Alexander Mackendrick dy’t Haanstra advisearre oer it senario? Wêrom foel de kar op Giethoorn en Diever as film- lokaasje? Wa die de produksje, wa wie de produksjelieder en watfoar ûnderfining hiene de crewleden? Hokker akteurs diene mei en wat wie harren eftergrûn? Wa komponearre de dûbelmars foar de film?

Bysûnder yn dit boek binne de troch Bert Haanstra tekene storyboards, fraaie bûtenlânske Fanfare-filmaffysjes en it iennige bewarre bleaune affysje fan de Fanfare-filmfoarstelling yn Giethoorn. De filmlokaasjefoto’s dy’t assistint-kameraman Anton van Munster makke yn Giethoorn yn de iere maitiid

fan 1958, jouwe in prachtich tiidsbyld fan it wetterdoarp.
Dat en noch folle mear sjogge en lêze jo yn dit prachtige boek grôtfol mei net earder publisearre foto’s, filmaffysjes en dokuminten út de kolleksje fan Eye Filmmuseum en inkele privee-argiven.

RONALD VAN DE VATE (1951) wie wurksum by it KNMI yn De Bilt. Yn 2006 begûn er syn eigen meteorologysk advysburo AMO-meteo. Hy skreau yn 2016 syn earste boek In het voetspoor van Bert Haanstra, in kuiergids mei njoggen kuiers wêrfan’t de folchoarder sjoen wurde kin as in libbenstiidline fan ien fan de grutste filmregisseurs fan Nederlân.

Bestel deze titel via onze verkoopafdeling: verkoop@nabijproducties.nl.

Geplaatst in Producties.